Roubrief foar riedsleden

Protest tsjin ynrjochting Lijteplein
In ludike protestaksje yn Oerterp. Fotograaf Goffe van Dijk hat alle riedsleden in roubrief stjoerd. De ferstoarne is it Lijteplein yn it sintrum fan Oerterp.
Neffens Van Dijk wurdt it plein hielendal ferkeard renovearre troch de gemeente Opsterlân. Hy is it net iens mei it feit dat it Lijteplein yn it sintrum fan it doarp tagonklik wurdt foar auto's. Der komme neffens him noch al wat bern lâns en ek de âlderen fine it mar neat.