OV-chip yn part Fryslân

01 sep 2009 - 16:11

Fan 2006 ôf wurdt al oer ynfiering fan de nije OV-chipkaart praat. Mar der liket no einlik skot yn te kommen. De provinsje set der dizze hjerst fol op yn. Yn it part fan Fryslân dêr't Connexxion rydt giet it septimber oan. Mar yn Fryslân binne trije ferfiersbedriuwen: Connexxion, Q-Buzz en Arriva.

Arriva slút oan by de planning fan de NS dy't letter mei de ynfiering komt. Q-Buzz hat problemen mei de hardware-apparatuer en begjint ek letter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)