GGZ harket nei klachten kliïnt

© Omrop Fryslân
Fan it kastje nei de muorre stjoerd wurde, ynienen in oare terapeut krije, lang op in wachtlist stean. It binne sa wat klachten dy't kliïnten fan GGZ Frysland fan tiisdei ôf uterje kinne.
Omdat dy minsken thús net altyd fertelle dat se behannele wurde, kinne se terjochte op spesjale kliïntegearkomsten wêrfan't tiisdei de earste fan de fiif wie. Minsken kinne dêr oanjaan watfoar ellinde sy fernimme fan it belied en trochfierde besunigings by de GGZ.