Lemsterlân wol gjin fúzje

© Omrop Fryslân
De gemeente Lemsterlân kiest foarearst net foar in fúzje mei de gemeenten Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat. In mearderheid fan de gemeenteried stimde moandei tsjin de plannen fan de wethâlders yn it kolleezje om te fusearjen mei de beide oare gemeenten.
Allinne de PvdA en it CDA joegen de foarkar oan dy opsje. Dat bestjut dat de gemeente foarearst ynsette sil op in gearwurking tusken de trije gemeenten en dat hie ek de foarkar fan boargemaster Dick Stellingwerf.