Man omkaam by ûngelok A7

01 sep 2009 - 11:35
  • De auto fan it deadlike ûngemak by Nijlân is út de feart takele

Op de A7 tusken Nijlân en Wytmarsum wiene tiisdei yn in koart skoftke tiid twa ûngelokken. By Nijlân is in man tusken de 40 en 50 by in iensidich ûngelok om it libben kaam. It slachtoffer is mei syn auto yn in sleat riden. De oarsaak wurdt noch ûndersocht.

By de ôfslach nei Makkum, by Wytmarsum, wie in botsing tusken twa auto's. Beide bestjoerders binne mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)