Undersyk nei fiskstân

Wetterskip ûndersiket fiskstân
Wetterskip Fryslân lit de kommende wiken ûndersyk dwaan nei de fiskstân yn ús provinsje. De resultaten wurde fergelike mei sifers oer de fiskstân yn 2002 en 2006. Twa advysburo's sille yn de mande mei beropsfiskers 21 Fryske wetters ûndersykje op fisk. It giet ûnder oare om de Snitsermar, de Deelen en it Van Harinxmakanaal.
Ek wurdt sjoen nei plakken dêr't fiskmigraasje is. Bygelyks yn Starum dêr't fisk mei help fan in oanpast gemaal fan en nei de Iselmar swimme kin.