Hoarekafergunningen terjochte

© Omrop Fryslân
Tytsjerksteradiel hat mei rjocht drank- en hoarekafergunningen jûn oan de doarpshuzen yn Sumar, Suwâld, Garyp en Noardburgum. Dat hat de Raad van State moandei bepaald.
De stifting Bevordering Eerlijke Mededinging, de BEM, wie tsjin de fergunningferliening yn berop gien nei't it in eardere rjochtsaak ferlern hie. De BEM fynt dat de doarpshuzen mei de drank- en hoarekafergunning ûnearlike konkurrinsje foarmje foar hoarekasaken yn de omjouwing.