Kerssies foarsitter CDA-SWH

01 sep 2009 - 10:21
  • Harry Kerssies

De 63-jierrige Harry Kerssies út Drachten wurdt de foarsitter fan de nije CDA-ôfdieling yn de Súdwesthoeke. Yn ferbân mei de gemeentlike weryndieling, wurde de CDA-ôfdielingen út Snits, Boalsert, Wûnseradiel, Nijefurd en Wymbritseradiel ien. Dêrmei ûntstiet de grutste CDA-ôfdieling fan de provinsje.

Kerssies wurdt de opfolger fan ynterim-foarsitter Maarten Offinga út Warkum. Kerssies wie earder ynterim-foarsitter fan CDA-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)