Ljouwerter drugsdealer oppakt

01 sep 2009 - 10:15

De plysje hat moandei in 28-jierrige Ljouwerter oppakt foar drugshannel. Plysjes seagen dat de man op de Weaze benadere waard troch potinsjele keapers. Doe't de Ljouwerter wat oerlange, waard er oanholden. Hy besocht noch in kokerke te ferstopjen, mar dat seach de plysje.

Yn it kokerke sieten acht boltsjes kokaïne. De drugs binne yn beslach naam. De man út Ljouwert is foar fierder ûndersyk fêst set op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)