Peddelaars ferkearde kant út

01 sep 2009 - 09:57

In falske start foar de paddlers fan de stand-up paddle Alvestêdetocht tiisdei. De sporters soene nei de start om healwei njoggenen op wei nei Snits mar namen op it Van Harinxmakanaal de ferkearde ôfslach. Dêrtroch peddelden se net rjochting Snits mar yn de rjochting fan Dronryp en Deinum.

Nei in skoftke kamen de sporters derachter dat se de ferkearde kant út giene. Doe't se it yn 'e gaten krigen, giene se de goeie kant wer út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)