Boeren ferdield oer aksjes

01 sep 2009 - 09:37

De Fryske melkfeehâlders binne ferdield oer it hâlden fan aksjes om de molkproduksje nei ûnderen te bringen. De EMB, de Europeeske koepelorganisaasje fan melkfeehâlders, hat yn Nederlân in enkête útset om de aksjereeëns te hifkjen.

Ien fan de mooglikheden is om de molkproduksje fan ien moanne fuort rinne te litten. Dat sille de Frânske boeren miskien dwaan. De ferwachting is dat de priis dan omheech giet nei 40 sinten de liter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)