Bakstienneprojekt stillein

© Omrop Fryslân
It Fries Museum hat moandeitejûn yn oerlis mei de gemeente besletten de fersprieding fan de 45.000 bakstiennen yn Ljouwert stil te lizzen. De gemeente hat sinjalen krigen dat der minsken binne dy't ferkearde bedoelings mei de stiennen hawwe.
It Fries Museum en de gemeente hawwe tiisdei wer oerlis oer it ferfolch fan it projekt, dat ynhâldt dat de Ljouwerters kommende sneon mei-elkoar in monumint bouwe sille op it plak fan de Mercuriusfontein.