Sollied en H'fean útelkoar

Trainer Trond Sollied fan Hearrenfean hâldt fuortdalik op by de fuotbalklup. SC Hearrenfean en Sollied kamen moandei tegearre ta dy beslissing. Neffens harren hat de gearwurking net brocht wat se derfan ferwachte hiene.
De direksje fynt ek dat der tefolle kultuerferskillen wiene tusken de klub en de fuotbaltrainer. De assistint fan Sollied, Chris van Puyvelde, giet ek fuort. Jan de Jonge is oant 1 jannewaris 2010 oansteld as ynterim-trainer.