Bom fûn by Eagmaryp

31 aug 2009 - 15:00

It fertochte objekt dat ferline wike tongersdei by Eagmaryp fûn waard, is yndied in net-ûntplofte bom út de Twadde Wrâldoarloch. Dat hat de Eksplosiven Oprommingstsjinst moandei befestige.

It giet om in 100-pûner fan sa'n 70 by 20 sintimeter. It is net bekend oft it de bom is dy't in Ingelsk fleantúch dropte doe't it yn de problemen kaam. Omwenners hiene de gemeente wiisd op in mooglike bom, doe't dy der in rioel oanlizze woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)