Minder jongeren Noard-Fryslân

On-line is 'Jonge Friezen foarút' al aktyf...
It tal jongeren yn Noard-Fryslân wurdt lytser. Dat komt omdat de befolking op it plattelân krimpt. Ek lûke hieltyd mear jongeren út de doarpen wei nei de stêd. It projekt 'Jonge Friezen foarút' moat dêr wat oan dwaan. Ut plattelânsprojekten en it sosjaal ynvestearringsfûns wurdt goed in ton útlutsen foar it projekt.
Op 14 septimber set it út ein mei in grut evenemint by hegeskoalle Van Hall Larenstein. De deputearren Hans Konst en Piet Adema jouwe it startskot.