Cobi Boonstra identifisearre

31 aug 2009 - 11:33

It lichem dat heal augustus yn de buert fan Oslo fûn waard, is fan de 66-jierrige Cobi Boonstra fan Aldeberkeap. Dat hat de plysje befêstige. Sûnt april wie de frou fermist yn Noarwegen. Yn augustus waard yn in doarp by Oslo in stoflik omskot fûn. Ut ûndersyk hat no bliken dien dat it giet om Cobi Boonstra.

Sy boekte ein april in hotelkeamer mar bliken die dat se dy net brûkte ek ek net úttsjekt hie. Yn de keamer waarden klean, in autokaai en har paspoart fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)