Eilannen binne te droech
Flylân en Skylge hawwe te lijen fan droechte. Foelen der op it fêstelân geregeld flinke buien mei tonger, op beide eilannen foel amper wat. Sa no en dan in lyts buike, mar dat is it dan ek.
Steatsboskbehear warskôget om no foaral hoeden te wêzen mei fjoer op de eilannen.