Achterfolging yn de Wâlden

© Omrop Fryslân
Nei in wylde achterfolging hat de plysje ôfrûne nacht in 22-jierrige ynwenner fan Droegeham en in 27-jierrige ynwenner fan De Harkema oanholden. Plysjes seagen op it Noord yn Drachten in auto riden. Doe't se de bestjoerder oan de kant sette woene foar in kontrôle, joech dy fol gas.
De plysje sette de achterfolging yn. De autobestjoerder ried sa hurd dat de plysje him in pear kear út it sicht ferlear. Uteinlik trof de plysje de auto oan by in wenning yn De Pein.