Ekstra kontrôles lânbouferkear

© Omrop Fryslân
De plysje begjint tiisdei mei it ekstra kontrolearjen fan it lânbouferkear. Dat bart omdat der noch altyd in soad ûngelokken binne mei lânbouweinen. De ûngelokken wurde ek hieltyd slimmer.
Fan 15 april oant 16 maaie wiene der ek al extra plysje-kontrôles op it lânbouferkear. Doe waarden der 45 boetes útdield, ûnder oare foar minne ferljochting en te hurd riden. Fan 2003 oant en mei 2007 wiene der goed 370 ûngelokken mei lânbou-auto's.