Hearrenfean ferliest fan NAC

30 aug 2009 - 16:53

Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei yn Breda mei 2-0 ferlern fan NAC. It wie in terjochte oerwinning foar de Brabanners. Yn in matige earste helte waard der net skoard. Yn de 51e minút wie it Kees Kwakman dy't de skoare iepene.

Matthew Amoah makke it twadde doelpunt foar NAC. De ploech út Breda krige noch in protte kânsen om fierder út te rinnen, mar it bleau 2-0. Hearrenfean hat no fjouwer punten út fiif wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)