Famkes yn botsing

30 aug 2009 - 15:36

Twa famkes fan 9 en 11 jier binne sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn de Tingatunnel oan de Molekrite yn Snits. De famkes út Snits wiene mei de fyts op inoar botst en fallen.

It 11-jierrige famke waard mei ferwûnings oan de skonk en de holle mei in ambulânse nei it sikehûs yn har wenplak brocht. It oare famke waard troch de plysje tegearre mei har mem nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)