Tsjin parkearde auto riden

30 aug 2009 - 15:34

In 52-jierige ynwenner fan Gytsjerk hat proses-ferbaal krigen fan de plysje neidat er sneontejûn tsjin in parkearde auto oanriden wie yn syn wenplak. De eigner fan de auto spruts de man derop oan, mar dy woe der neat fan wite en naaide út.

De plysje fûn de man werom yn de kroech dêr tichtby. Dêr die wol bliken dat er al in aardige slok op hie. De man moast mei nei it plysjeburo en it rydbewiis mocht er dêr fuort achterlitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)