Bromfytser ferwûne

30 aug 2009 - 15:31

In 20-jierrige bromfytser út Drachten is sneintemoarn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Buorren yn De Rottefalle. Omwenners troffen de bestjoerder út de tiid oan op strjitte nei't se in hurde klap heard hiene.

Hy waard mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. Omdat it fermoeden bestie dat de bromfytser dronken hie, moast er dêr in bloedproef dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)