Ungelok yn Appelskea

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket in ûngelok sneontemiddei op de Feart Suderside yn Appelskea. Dêrby rekke in 24-jierrige automobilist slim ferwûne. It slachtoffer is nei alle gedachten by in ynhelmanoeuvre mei hege faasje de macht oer it stjoer fan syn auto kwytrekke en tsjin in beam oan botst.
Hy rûn dêrby sokke slimmer ferwûnings op, dat in traumahelikopter oproppen waard. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs yn Assen brocht.