AEC wol profesjoneler wurkje

30 aug 2009 - 14:35

De Amelanner enerzjykoöperaasje, AEC, wol profesjoneler wurkje. Sûnt de start yn maart binne 300 minsken, foaral eilanners, foar gas en stroom oerstapt fan har âlde enerzjyleveransier nei de AEC.

It oantal falt de inisjatyfnimmers fan de koöperaasje in bytsje ôf. Se hiene mei it eigen eilanner enerzjybedriuw op mear animo rekkene. Doel wie ek om de ûndernimming mei frijwilligers te runnen. It yn tsjinst nimmen fan betelle minsken wie net it earste doel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)