Schuil en Nummerdor nei finale

30 aug 2009 - 12:55

Richard Schuil en Reinder Nummerdor stean sneintemiddei yn de finale fan it World Tour beachfoljebaltoernoai yn Scheveningen. It Nederlânske duo wie fierste sterk foar Kristjan Kais en Rivo Vesik út Estlân 21-17 en 21-16.

Op de stân fan 20-16 makke de Ljouwerter Richard Schuil de wedstriid út mei in unhâldbere opslach. De tsjinstanners yn de finale binne of it Braziliaanske duo Harley Marques en Alison Cerruti of Pablo Herrera en Pedro Gavira út Spanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)