Line-up Freezefestival bekend
No't de definitive line-up fan it Freezefestival kompleet is, is ek de kaartferkeap út ein set. Fia www.harmonie.nl kinne kaarten kocht wurde. It festival fynt op 26 septimber plak yn de Harmonie yn Ljouwert.
Hichtepunten yn de programmearring binne ûnder oare Autumn, Kubus & BangBang, The Death Letters, Daily Bread en DJ Joop. It Freezefestival fertsjintwurdiget de top fan de Fryske popmuzyk.