Negerman en Kassenberg winne

Yvonne Kassenberg (argyffoto Martin de Jong)
Hurdrinners Erik Negerman en Yvonne Kassenberg hawwe sneon de 40e edysje fan Snits-Boalsert-Snits op harren namme skreaun. Fries om utens Erik Negerman rûn de 20 kilometer solo yn in tiid fan 1.04,06.
Remon van Lunzen fan Ljouwert waard twadde yn 1.05,57. Yvonne Kassenberg út Burgum kaam oer de streek yn 1.17,36. Heleen Plaatzer fan Nijmegen waard twadde en Ylona Kruis fan Ysbrechtum tredde.