Help foar Palestynsk projekt

© Omrop Fryslân
B&W fan Opsterlân wolle hast 14.000 euro útlûke foar in helpprojekt yn it Palestynske Beit Sahour. Opsterlân hat in freonskipsbân mei dy gemeente. It jild is bedoeld foar it ferbetterjen fan in krúspunt en fan it iepenbiere grien.
By it projekt wurde jongeren belutsen. Dy tinke mei oer hoe't de plannen it bêste útfierd wurde kinne. De gemeenteried fan Opsterlân moat him noch útsprekke oer it foarstel fan B&W, om der 14.000 euro yn te stekken.