Wer goud foar Totilas

30 aug 2009 - 08:46

It fan oarsprong Fryske dressuerhynder Totilas hat sneon op it EK yn it Britske Windsor opnij foar in wrâldrekôr soarge. Mei ruter Edward Gal waard Totilas Europeesk kampioen op de kuer, ien fan de keningsnûmers. It duo helle in skoare fan 90,750. It is foar it earst dat in kombinaasje boppe de 90 persint útkomt.

Totilas komt fan oarsprong út Broeksterwâld. Hy is dêr grutbrocht en yn de earste jierren traind troch Jan en Anna Schuil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)