Oranje-froulju kwartfinalist

29 aug 2009 - 19:29

It Nederlânsk froujlusalvetal hat sneon de kwartfinale helle fan it Europeesk kampioenskip yn Finlân. Yn Lathi waard Denemarken mei 2-1 ferslein. Mei in bêste Friezinne Loes Geurts op 'e goal hie de ploech fan bûnscoach Vera Pauw it hiel dreech.

Sylvia Smit, spylster fan Hearrenfean, sette Nederlân nei it skoft op in 1-0 foarsprong. Manon Melis ferdûbele dy foarsprong. It waard noch wol 2-1, mar fierder kaam favoryt Denemarken net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)