Swimbad Sint Anne wer iepen

29 aug 2009 - 16:30
  • It fernijde swimbad

Yn Sint Anne en omkriten kinne se einlik genietsje fan in nij swimbad. Der hat jierrenlang diskusje west oft it âlde swimbad de Bildtse Slag ferdwine moast of opknapt wurde koe.

It renovearre swimbad is sneon foar it earst iepen foar publyk. De gemeente bepaalde earder dat it swimbad ferdwine moast, mar bewenners fan Sint Anne kamen yn opstân. Yntusken is der foar 1 miljoen euro ferspikere oan it swimbad en foldocht it wer oan'e easken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)