Ronde fan Spanje fan start

Foar folle tribunes is sneon op it TT-sirkwy fan Assen de Ronde fan Spanje (Vuelta) fan start gien. De Spaanske hurdfytser Alberto Fernandez gong as earste los foar in tiidrit oer 4,8 kilometer.
By de start wiene 30.000 taskôgers. Pieter Weening fan De Harkema en Lieuwe Westra fan Mûnein dogge ek mei oan de Vuelta. Westra en syn ploech fytse mei in roubân om as earbetoan oan de heit fan Lieuwe dy't dizze wike stoarn is.