Ree Skier wer ferdwûn

© Omrop Fryslân
De ree dy't Skiermûntseach wikenlang yn de besnijing hâldt, is wer ferdwûn. Dat seit Otto Overdijk fan Natuermonuminten. De ree waard fjouwer wike lyn foar it earst sjoen by in maisfjild.
It bist helle doe sels de lanlike media om't it it safolste frjemde bist wie dat op de Waadeilannen sjoen waard. Nei de foksen op Flylân en de herten op Skylge wie it dizze simmer mar in frjemde bisteboel op it Waad.