Syktocht nei maskere manlju

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemoarn by Wynjewâld op syk west nei trije maskere manlju. Dy naaiden út neidat se sjoen wiene troch de meiwurker fan in tankstasjon oan de Opper Haudmare. Dy meiwurker seach de trije doe't er de rollûken fan it tankstasjon iepen die.
De trije draafden dêrop in stik greide achter it tankstasjon yn. De plysje hat dêr op syk west nei de manlju mar se net fûn. It is net dúdlik wat se fan doel wiene.