Noch foksen op Flylân

© Omrop Fryslân
Flylân is noch hieltyd net fan it fokse-probleem ôf. De jagers binne noch hieltyd aktyf, mar hawwe se oant no ta noch net te pakken krigen. De fûgelbriedgebieden op Flylân binne fan kommende tiisdei ôf wol wer tagongklik foar eilanners en toeristen.
Dat hat de gemeente Flylân besletten yn oerlis met Steatsboskbehear. Yn it gebiet groeie ek in soad cranberries. Minsken wurdt advisearre om dy net sa op te iten, mar earst goed te sieden, yn ferbân mei mooglike fokselintwjirm.