Man falt út heechwurker
Op de A7 by It Hearrenfean is sneontemoarn in man út in heechwurker fallen. Hoe slim hy der oan ta is is noch net bekend. Hy is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.
De technyske resjerzje besiket achter de oarsaak fan it ûngelok te kommen. Fanwege it ûndersyk waard ien fan de rydstroken fan de A7 ôfsletten. De man wie mei de heechwurker oan it wurk by de dyk.