Hynder rêden yn Fochteloërfean

29 aug 2009 - 10:18

Yn it Fochteloërfean is freed in Fjordehynder rêden fan de ferdrinkingsdea. It hynder wie yn in feanput oan de râne fan it Eesmar telâne kaam en koe dêr sels net út komme. In ymker dy't der tafallich delkaam ûntduts it bist. De brânwacht en in takelwein ha it hynder der úthelle.

It is net dúdlik hoe't it bist yn de put rekke is. De keppel fan 21 Fjordehynders rint al mear as tsien jier yn it Fochteloërfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)