Minne skoare Sionsberg yn AD

De Sionsberg yn Dokkum
Sikehûs de Sionsberg yn Dokkum stiet op it 97e plak yn de sikehûs top-100 fan it Algemeen Dagblad. Dy list wurdt gearstald op grûn fan gegevens dy't sikehûzen alle jierren oanleverje moatte oan de ynspeksje foar de folkssûnens. Dy gegevens gean ûnder oare oer de de fersoarging fan pasjinten en oft der geregeld hersteloperaasjes nedich binne.
De Sionsberg skoart sa leech, omdat in soad gegevens net of net maklik yn te sjen binne.