Cambuur wint fan Den Bosch

28 aug 2009 - 22:10

SC Cambuur hat freedtejûn yn in aardige wedstriid de twadde winst fan it seizoen helle. FC Den Bosch waard yn stadion De Vliert mei 4-2 ferslein. De thúsklup kaam troch Matusiwa op foarsprong, mar troch doelpunten fan Mark de Vries en Kévin Diaz stiene de Ljouwerters by it skoft mei 2-1 foar.

Steef Nieuwendaal joech de thúsploech wer hoop (2-2), mar opnij Mark de Vries en Oguzhan Türk, beide mei in prachtige goal, soargen foar de twadde útoerwinning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)