Fûgelgebieten Flylân wer iepen

28 aug 2009 - 15:47

De fûgelbriedgebieten op Flylân wurde wer iepen foar publyk. Dat sil fan nije wike tiisdei ôf wêze. De gemeente hat dat besletten yn oerlis mei Steatsboskbehear. Koartlyn binne de gebieten ôfsluten fanwege de oanwêzichheid fan foksen. Jagers koene sa makliker de bisten fine om se ôf te sjitten.

De measte fûgels binne no út de gebieten en dêrom is publyk oerdei wer wolkom. De jacht op de foksen giet jûns en nachts gewoan troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)