IFKS kart Jonge Jan goed

It skûtsje is neffens de regels ferboud (foto: Martin de Jong)
Der is neat mis mei it skûtsje Jonge Jan fan Jelle Talsma. Ta dy konklúzje komt de keuringskommisje fan de IFKS. Talsma wûn dit jier mei syn bemanning it kampioenskip fan de IFKS. Nei de tiid kamen der berjochten nei bûten of soe de Jonge Jan net neffens de regels ferboud wêze.
Neffens de keuringskommisje hat Talsma him by dy ferbouwing wol oan de regels hâlden.