Mear relskoppers identifiseard

28 aug 2009 - 11:44

De plysje hat freed de identiteit fan noch wer seis Cambuurrelskoppers achterhelle. Earder wiene se al wis fan de nammen fan fjouwer stiennegoaiers. De plysje hat dizze wike de foto's fan 21 mannen op de webside dadergezocht set. Der binne oant no ta 40 tips binnenkaam.

Relskoppers dy't de kommende dagen net identifiseard wurde, komme takom wike mei har foto op de lanlike televyzje yn Opsporing Verzocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)