Moarnsbrochje foar skoalbern

© Omrop Fryslân
Sa'n 1000 bern krije woansdei in moarnsbrochje oanbean yn it Cambuurstadion yn Ljouwert. De bern komme fan basisskoallen út Ljouwert. It giet om in aksje fan de fuotbalklup, yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante en Super De Boer. Se wolle bern wize op it belang fan in goed moarnsbrochje.
Foar Super De Boer is it ek de start fan in nije aksje wêrby't in Cambuur-shirt byelkoar sparre wurde kin.