Hurdriders yn Wâlterswâld

28 aug 2009 - 09:47

De plysje hat tongersdeitejûn nei klachten fan de buert yn Wâlterswâld snelheidskontrôles hâlden. Fiif automobilisten krigen in boete foar te hurd riden. In Driezumer (20) moat flink ta de bûse. Yn de beboude kom ried er hast 100 kilometer yn 'e oere. Njonken in fikse boete rekket er in punt op syn rydbewiis kwyt. Nei trije punten moat it rydbewiis ynlevere wurde.

De plysje sil de kommende tiid faker op faasje kontrolearje yn Wâlterswâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)