Frou ferwûne op Flylân

© Omrop Fryslân
In frou (56) fan It Hearrenfean is tongersdei ferwûne rekke op Flylân. Se hie jûns in iepenloftfilm sjoen by de fjoertoer en fytste werom nei de kamping. Op it Vuurboetsplein gie se troch ûnbekende oarsaak ûnderút.
Ambulânsepersoniel stabilisearre de frou foar't se nei de húsdokter brocht waard. Dy fertroude it net hielendal en hat har nei it sikehûs op de fêste wâl bringe litten. De frou hat nei alle gedachten in swiere harsensskodding.