Arnór Smárason ûnder it mes

27 aug 2009 - 23:14
  • Arnór Smárason wurdt nije wike opereard (foto: Dirk Jan Haarsma)

Hearrenfeanspiler Arnór Smárason moat takom wike ûnder it mes. De middenfjilder hat al in skoft lêst fan syn hamstring en kaam dizze kompetysje noch net yn aksje. De blessuere soe mei rêst oergean moatte, mar dat slagget net. Yn in sikehûs yn Gent (België) waard de maleur wol dúdlik.

Takom wike sil de Iislanner opereard wurde. Hoe lang de revalidaasje dêrnei duorret, is net krekt bekend. Smárason rekkenet op minimaal seis wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)