Klappen yn Abe Lenstra stadion

© Omrop Fryslân
Nei de wedstriid tusken Sportklup Hearrenfean en it Grykse PAOK Saloniki wiene der yn it stadion koarte rellen. Sa'n fjirtich Griken klommen oer it stek fan it besikersfak. Stewards waarden bekûgele mei stuoltsjes en bekers en der foelen klappen.
Lang duorre it net, want de stewards hiene it gau ûnder kontrôle. Dêrnei ferlieten de PAOK-fans it stadion en bleau it rêstich. Der wiene sa'n 1500 Grykse fans yn it Abe Lenstra Stadion.