Hoareka skrikt fan sifers

27 aug 2009 - 20:27

De Fryske hoareka is bot skrokken fan de sifers oer it twadde kwartaal. Dy binne noch minder as dy fan it earste fearnsjier. De omset is lanlik gemiddeld mei hast 6 prosint nei ûnderen gien. Benammen hotels en kafees ha it dreech.

Neffens Hoareka Fryslân falle de klappen hjir foaral op it plattelân en yn de lytsere stêden. Mar it is yn Fryslân wol wat better as yn de Rânestêd. It tredde kwartaal liket wat better te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)