Wer sukses foar Totilas

27 aug 2009 - 18:49
  • Moorlands Totilas

It dressuerhynder Moorlands Totilas hat by it EK yn it Britske Windsor opnij in medalje helje. By de Grand Prix Special waard er mei ruter Edward Gal twadde, nei Adelinde Cornelissen, mei har hynder Parzival. Earder wûn de de Nederlânske ploech de lannewedstryd.

Gal en Totilas ha har ek pleatst foar de kuer, dy't sneontejûn ferriden wurdt. It hynder Totilas komt fan Broeksterwâld en hat dêr de earste seis jier fan syn libben traind. Dêrnei waard er ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)